Wat denk je zelf?

Earste klassen betinke Fryske befrijing


Op tongersdei 21 april hawwe de learlingen út de earste klassen stilstien by de befrijing fan Fryslân nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn de hal fan ús skoalle is 75 jier lyn, by it 25-jierrich jubileum, in muorreskildering oanbrocht. Dit is in monumint dat herinnert oan de 15 âld-learlingen dy 't omkaam binne yn de oarloch.  

Tegearre mei de Fryske dichter Arjan Hut hawwe de learlingen Fryske en meartalige gedichten skreaun oer wat frijheid foar harren betsjut. Dêrnei hawwe sy dy wurden ferbylde yn in keunstwurk.  

By dizze betinking hat ús rektor, menear Dekker, inkelde wurden sprutsen oer it monumint, de omkommen âld-learlingen en de Fryske befrijingsdei. Ek hawwe Elske Feenstra, Karlijn de Snoo en Rosalie Risselada harren gedichten foarlêzen. Fierder wie der in muzikale bydrage fan Liora Wijnia en Elianne Sijpkes. By harren prachtige pianospul hawwe alle learlingen harren keunstwurk ophongen by it monumint. Sa kinne de wurden oer frijheid de kommende wiken troch elkenien lêzen wurde. 

Dizze betinking sil fanôf no alle jierren plakfine en is dêrmei de earste fan in nije tradysje!  

Media
  • herdenking Friese bevrijding 210422 1
  • herdenking Friese bevrijding 210422 2
  • herdenking Friese bevrijding 210422 3