Wat denk je zelf?

Alle Ferstival-dielnimmers fan it Beyers Naudé yn 'e prizen!


Op 9 april, deselde dei as it 100-jierrich jubileum waard yn De Harmonie ek de finale holden fan it Ferstival. Dit is de grutste foardrachtswedstriid fan Fryslân foar de jongerein yn it fuortset ûnderwiis. De finale soe al yn desimber 2021 plakfine, mar moast útsteld wurde om wolbekende redenen. Fjouwer learlingen fan ús skoalle hawwe yn novimber 2021 de finale helle. Hjirmei wie it Beyers Naudé ek de bêst fertsjinwurdige skoalle yn dizze finale, wat it súksesfolle resultaat tige bysûnder makket.
Monisha vd Veen (klasse 4/5/6), Sjirk Boonstra (klasse 4/5/6), Noëz Witteman (klasse 2/3) en Jelienke Holwerda (klasse 1) binne alle fjouwer yn 'e prizen fallen. Monisha hat de twadde priis wûn en Sjirk, Noëz en Jelienke de tredde priis. De fersen dy't se foardroegen kamen streekrjocht de seal yn en makken grutte yndruk op de sjuery en it publyk. Se krigen de seal folslein stil mei harren foardrachten. 
Media
  • Unknown
  • thumbnail_image1