It FeRstival is in foardrachtwedstriid foar Frysktalige gedichten, dêr’t learlingen fan middelbere skoallen yn Fryslân oan meidwaan kinne. De dielnimmers wurde yndield yn trije kategorieën: starters (klasse 1), trochsetters (2e en 3e klasse) en toppers (4e, 5e en 6e klasse).
2011Dit jier wie de 69e edysje fan de Fryske foardrachtskriich FeRstival. Fan it Beyers Naudé Gymnasium wisten mar leafst trije dielnimmers troch te kringen ta de finale, dy't op sneon 10 desimber hâlden waard yn it Posthús Teater yn It Hearrenfean. Rients Oppewal út klasse 1C en Hindrik Boanstra út klasse 3D warden har tige by respektivelik de Starters en de Trochsetters, mar it wie úteinlik Doutsen Dotinga út klasse 5A dy't by de kategory fan de Toppers mei in twadde priis nei hûs ta gie. Sy droech it gedicht 'Set de klokken stil' fan W.H. Auden foar, yn in oersetting fan Lida Dijkstra.
2010Fan’t jier wie alwer de 68ste edysje fan it FeRstival. Op freed 12 novimber fûn de heale finale plak foar Ljouwert. Us skoalle waard fertsjinwurdige troch njoggen entûsjaste dielnimmers:
Starters: Eva Smits (1a), Dorine Schippers (1b), Hilde de Boer (1b), Lotte Kaatee (1b) en Sieta de Jong (1c)
Trochsetters: Hindrik Boonstra (2e) en Jildou Stapert (3c)
Toppers: Doutsen Dotinga (4a) en Inge Roelofsen (5c)
Elkenien hat it hiel knap dien. Jo moatte it ek mar doarre en stean dêr op it poadium! Beyers Naudé is mei fiif dielnimmers troch nei de finale: Dorine, Hindrik, Jildou, Doutsen en Inge. Hja binne no oan it oefenjen om in selskeazen fers sa moai mooglik foar te dragen op de finale.
De finale fynt plak op sneon 11 desimber yn De Harmonie te Ljouwert en begjint 13:30 oere. Famylje, freonen en leararen fan de dielnimmers binne fan herte wolkom. De tagong is fergees.
FinaleOp "It FeRstival" yn 'e Harmonie waard Jildou Stapert út 3C earste yn 'e kategory Trochsetters. Dit waard beleane mei prachtige wurden fan de sjuery, in grutte beker en in grutte foto yn 'e
Ljouwerter fan moandei 13 desimber 2010. Doutsen Dotinga (út de fjirde klasse) krige in tredde priis yn de kategory Toppers.